It ritme fan Rixt
Yn 2023 bestie it dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep fan tsien dichters byinoar en waard de namme fan de Fryske dichteresse Rixt (1887–1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe. Op dit stuit nimme sa’n fyftich dichters diel oan RIXT.
By gelegenheid fan it earste lustrum publisearret it kollektyf in dichtbondel. De bondel jout in oersicht fan fiif jier poëzy by RIXT. Fan mar leafst fyftich dichters is in fers yn dizze bondel opnommen. It is in bondel mei in grut ferskaat oan tema’s en foarmen. Dy sil dêrom in kaleidoskopysk byld jaan fan fiif jier poëzy yn Fryslân, mei in bysûndere klam op aktualiteit en maatskiplike tema’s.
In ynlieding fan in eksterne redaksje (Bert Looper, Henk Dillerop en Nika Stefan) oer it plak fan RIXT yn it Fryske lânskip fan literatuer en gedichten jout de bondel in ekstra laach.
Understeand is skreaun foar myn boek ‘Wurden fan Timo’.
Wat de nacht betinkt
ferjit de dei
in libben yn dreamen snoeid
wat de dei betinkt
is foar de nacht
ik flústerje dyn namme
blaas dyn libben troch de loft
knip de wyn
yn hûndert stikjes
helje mar
it is fan dy