Gedicht ‘Net oer in noas’

Us aller ierdappel

Us aller ierdappel

Myn gedicht Net oer in noas stiet yn de sammel-dichtbondel Us aller ierdappel, mei as tema – fansels – de ierdappel. Dizze útjefte fan útjouwerij Frysk en Frij is in sammeldichtbondel mei lyryk oer de alledeiske ierdappel. De fersen binne skreaun yn it Achterhoeks, Bildts, Frysk, Hogelaands, Ingels, Katalaans, Limburgs, Lúwarders, Nederlâns, Stellingswarfs. De karkommisje bestie út Tsead Bruinja, Doutsen van Gosliga, Albertina Soepboer en Eelke Veltman. De ynlieding is skreaun troch Tsead Bruinja dy’t yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands  wie.

– – – – – – – – – – –

Mijn gedicht Net oer in noas (Niet over een neus) staat in de verzameldichtbundel Us aller ierdappel dat als thema de aardappel heeft. Deze uitgave van uitgeverij Frysk en Frij is een verzameldichtbundel met lyriek over de alledaagse aardappel. De gedichten zijn geschreven in het Achterhoeks, Bildts, Fries, Hogelaands, Engels, Catalaans, Limburgs, Luxwarders, Nederlands, Stellingswarfs. De keuzecommissie bestond uit Tsead Bruinja, Doutsen van Gosliga, Albertina Soepboer en Eelke Veltman. De inleiding is geschreven door Tsead Bruinja die in 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands was.

 

Net oer in noas

Beppe yt se prakt, mei in lyts kûltsje sjú

ús hippe mem hat se net op ’t menu

op skoalle biet ik yn in rau eksimplaar

mar dat wie in stimpel, dus gjin itenswaar

ús heit docht graach tsien dingen tagelyk

it fjoer op fûl, lykas de muzyk

ferjit hy it iten, dan de panyk

de stank yn ’e hûs is manjefyk!

by buorfrou yn de oven mei skyl en al

mei ik net, ik slyn de raande tsiis dan fral

Jint hat in hiel frjemde ierdappelnoas

mar dat, ik wit it, is wer hiel wat oars

Myn favoryt? Ik hâld it koart,

is in grutte pûde patat!