Abe en de Aardichman

Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Mar al gau fernimt er dat er dêr net allinne is… in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?

Earste druk Abe en de Aardichman ein july 2022. Twadde druk oktober 2023. Utjouwer: de Afûk.

Yllustraasjes: Yke Reeder

Foarmjouwing: Monique Vogelsang

Ynternasjonaal
Abe en Aardichman binne op reis. It boek is opmurken op trije plakken. Sa binne de yllustraasjes te sjen op de Biënnale yn Bratislava. It boek is selektearre foar the White Ravens 2023. En de tekst is selektearre foar de IBBY Honour List 2024.