Wurden fan Timo

De loft wie dik as sjerp
De pine as in knyft sa skerp
It hûs wie fol, tagelyk sa leech
Kut, wat is de dea toch dreech

Tige tankber bin ik dat ik it ferhaal fan Nanne en Timo fertelle mocht. It ferhaal is betocht, mar it lei foar it opkrijen.

Wurden fan Timo is it LêsNo-boek foar skoaljier 2020/2021. It is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener, dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat se vmbo-eksamens dwaan moat, in oplieding kieze moat, wylst se gjin idee hat wat se wurde wol of wurde kin en ek nochris foar it earst fan har libben fereale is, fansels op in ûnberikbere jonge. In boek oer rou en freonskip en ferbining fia muzyk.

Mar Wurden fan Timo is sa folle mear wurden as in boek. Cedin ûntwikkelt der moai lesmateriaal by. Jelle Bangma sette it liet In your Light fan Jon Allen oer nei it Frysk, Sytse Broersma makket der in prachtich liet fan: Yn dyn ljocht, sjongen troch syn dochter Lotte. En Monique Vogelsang hat it boek prachtich foarmjûn op in wize dy’t goed past by jongerein.

LêsNo
LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen. Lês mear >>