Yn ‘e fierte yn Nearnewâld
Yn ‘e fierte is it gedicht dat ik skrea foar it boek Nearnewâld,de jubileumbondel foar 50 jier Skriuwersboun. Mei in yllustraasje fan Laurens Bontes.
Yn ’e fierte
Leave master Thijs,
fan hjoed ôf bin ’k op reis
want ik wol graach witte
wat is der yn ’e fierte
dat ik net nei skoalle kom
makket my abslút net dom
wat ik ûnderweis ferwachtsje:
wat mear tiid om te boartsjen
dat ik Thais skriuwen lear
en oar iten probear
beamklimme mei Yndianebern
troch kikers nei de stjerren sjen
yn ’t tsjuster de rein belústerje
foarsichtich mei flinters flústerje
leafst in protte ferrassings
deistich gekke oanpassings
wêr’t myn nijsgjirrigens ophâldt
kom ik werom nei Nearnewâld
as ik dan noch net genôch wit
hear ik graach fan jo hoe’t it krekt sit