09-10-2022
Friesch Dagblad – ‘Abe en de Aardichman: realistyske sênes dy’t werkenber binne foar de doelgroep yn in mearkeseftige sfear. Tink dy ris yn: op de dei dat jimme ferhúzje nei in nij hûs docht bliken dat yn de wyldernistún by dat hûs in lyts brún mantsje wennet, krekt ûnder de strûk dêr’tsto dy ûnder ferstoppest as dyn nije buorfamke deroan komt. Dat komt Abe oer en foar it ferstopjen hat er in goede reden, dy’t er al gau oan it mantsje tabetrout.’