Frysk ferhaal yn bondel
Myn lân
‘Chantal, wekker wurde! Oars komst te let op skoalle,’ rôp ús mem ûnderoan de trep.
Swittend waard ik wekker. Krekt as alle oare kearen wie it Charles dy’t my huverjen die. Hy kaam oandraven en neamde my Chantou. Krekt doe’t hy my oankrûpe woe, waard ik wekker.
Ik douchte it swit fan my ôf. Doe’t ik ûnder kaam, siet ús mem al oan tafel mei it opwaarme iten fan justerjûn.
‘Moarn,’ ik pakte in stik bôle en lei der tsiis op.
‘Sliept heit noch?’ frege ik mei folle mûle. Eins wist ik it antwurd wol.
Mem knikte. Se fage in net besteande knûkel yn it kleed glêd.
TRING TRING
Gelokkich, dêr wie Yfke. Ik pakte gau myn jas, tas en fyts. Fuort woe ik, fuort út dit hûs!
‘Dyn mûtse,’ rôp mem.
‘Mem, it is juny!’
Yfke gichele.
‘Sliept er noch?’ frege Yfke fytsendewei.
Ik knikte.
‘Hey, it komt allegear goed,’ sei Yfke, se lei har hân op dy fan my.
Ik skodde myn holle. We praten thús nea oer de oarloch, de deaden, myn nachtmerjes of Charles.
…